alles yn kleur…
Foarearst al de blommen,
dochs minder net…,
myn dieden,
myn tinken,
myn fielen…,
myn dreamen…
Hwat ik begear,
is in sprekkend palet.
Yn in taest fan kontraesten,
komplementèren,
sil ik kieze myn wurd,
oanset, mei in dize fan mauve,
ultramaryn, indigo…,
karmozyn.
Ik groetsje de grienen,
de blauwen, de readen,
de gielen…!
Beakere yn Ljocht…,
dat syn wjergea net kent…
Hwa sil ik wêze,
as ik in tinker net bin,
as Dio-genes …,
bertich fan God,
Gymnosophus…
Hwa giet it hwat oan…?
Neat, om myn gat?
Yn ‘e bleate lyksa…
Hwa sil ik wêze,
as ik in dieder net bin,
fan de neite,
intym…,
fertroulyk…
ta ús gelok…
Somtiden, yn in eachwink,
mar efkes,
kenne wy,
mekoar wer,
dan…, spanne wy,
opnij, wer de bôge…
as in snaer op ‘e harp…
Us liet is mar klankkleur…
As fan ’t al skjinne wetter…
reauntsjend…,
fier…
lyk in koar…,
yn ’t fersjit…
Sj.