der wie ris…




Der wie ris in âld wyfke…
Wylst  hja de skourre himmele, foun hja in houten skeisen…
Der gong hja mei nei de merke, om derfoar in baerch to keapjen…
Mar de baerch woe net nei hûs ta rinne, as hy moast nei hûs ta dragen wurde…

Doe gong it âld wyfke nei de houn en sei:
Houn wolsto baerch bite?
De baerch wol net nei hûs ta rinne, as hy moat nei hûs ta dragen wurde…
Né! 
Sei de houn…

Doe gong it âld wyfke nei de stôk en sei:
Stôk, wolsto houn slaen?
Houn wol gjin baerch bite en de baerch wol net nei hûs ta rinne,
as hy moat nei hûs ta dragen wurde…
Né!
Sei de stôk…

Doe gong it âld wyfke nei it fjûr en sei:
Fjûr, wolsto stôk baerne?
Stôk wol gjin houn slaen, houn wol gjin baerch bite en de baerch wol net nei hûs ta rinne,
as hy moat nei hûs ta dragen wurde…
Né
Sei it fjûr…

Doe gong it âld wyfke nei it wetter en sei:
Wetter, wolsto fjûr úteaze?
Fjûr wol gjin stôk baerne, stôk wol gjin houn slaen, houn wol gjin baerch bite
en de baerch wol net nei hûs ta rinne,
as hy moat nei hûs ta dragen wurde…
Né!
Sei it wetter…

Doe gong it âld wyfke nei de kou en sei:
Kou, wolsto wetter sline?
Wetter wol gjin fjûr úteaze, fjûr wol stôk baerne, stôk wol gjin houn slaen, houn wol gjin baerch bite
en de baerch wol net nei hûs ta rinne,
as hy moat nei hûs ta dragen wurde…
Né!
Sei de kou…

Doe gong it âld wyfke nei de line en sei:
Line, wolsto kou bine?
Kou wol gjin wetter sline, wetter wol gjin fjûr úteaze, fjûr wol gjin stôk baerne, stôk wol gjin houn slaen,
houn wol gjin baerch bite en de baerch wol net nei hûs ta rinne,
as hy moat nei hûs ta dragen wurde…
Né!
Sei de line…

Doe gong it âld wyfke nei de mûs en sei:
Mûs, wolsto line frette?
Line wol gjin kou bine, kou wol gjin wetter sline, wetter wol gjin fjûr úteaze, fjûr wol gjin stôk baerne,
stôk wol gjin houn slaen, houn wol gjin baerch bite en de baerch wol net nei hûs ta rinne,
as hy moat nei hûs ta dragen wurde…
Né!
Sei de mûs…

En doe gong it âld wyfke nei de kat en sei:
Kat, wolsto mûs pakke?
Mûs wol gjin line frette, line wol gjin kou bine, kou wol gjin wetter sline, wetter wol gjin fjûr úteaze,
fjûr wol gjin stôk baerne, stôk wol gjin houn slaen, houn wol gjin baerch bite
en de baerch wol net nei hûs ta rinne,
as hy moat nei hûs ta dragen wurde.
Ja!
Sei de kat!

En doe fleach de kat efter de mûs,
de mûs efter de line,
de line efter de kou,
de kou efter it wetter,
it wetter efter it fjûr,
it fjûr efter de stôk,
de stôk efter de houn,
de houn efter de baerch…

En doe wie it huorre, huorre, huorre…
En der fleach de baerch yn de skuorre…

De stavering is hjir net de nijmoadrige, fonétyske.

Foar Balthus is dit it earste teltsje west, 1944, dat him taelde fan syn memmetael…
Doe noch yn ‘e âlde stavering.
De persoanlike betsjutting hat foar Balthus, alles mei Rémy út te stean.