gean ik, moarn…




gean ik, moarn…

Gean ik,
moarn,
mar efkes,
dea…?
Ken wêze…

Kom ik…,
takomme jier
wol swommen…,
út…,
dy lytse Piter…
fan dy…

sprekke wy
sa ôf…:

meitsje
ik dy
in nysgierrich,
skytsje…

jowst my…
dan in skjin ruft…
en dou tinkst,
hwat rûkt dit
dochs sa tige…

meist der
wol seker fan,
wêze,
dat ik it bin…


Sj.