in lânskip giet foarby…




in lânskip giet foarby…

In lânskip giet foarby…
ik ek, mar ‘k tôve…

Gewurdich nei ’t ûntheister…
stean hja fersonken,
yn grau fan dize…
Ik freezje dat ik har steur,
de beammen…

In rook, fan ferby ferline
tsjinnet him oan…
hwat wie hjir ea al bard…?
Preveljen komt..,
myn ear, tenei…
Ik harkje…

Yn ’t hege gers…
in bern hjir berne,
gjin heit…,
fondeling…
ta lèsten ûnderdak,
noch brocht…

Bleatfuotling,
in hoeder, mei syn leaf…
sa jong…,
in knaep, noch amper,
hja, pas jongfaem,
dreamend noch…,
oerdei…

Hy wekke har, yn in,
trochtaestende omearming…
De lome middei…,
liet him djip yn har begean…
Hja liet gewurde…

Lust is in ingel…
Himel…,
hjir, mear net,
as in tel…

Ek wie ’t hjir kâld en keal,
de earmoed dy’t har driuw’
nei fierder oard fan jeften…
Kar fan besochten…
biroaid nei ’t libben, taelend,
in muoisum gean…

Der foelen hjir granaeten,
pûr allinich, in libbenleaze maet,
in amerij, noch, dreamd’ er,
fan har, dy ’t him net kende…

In brulloftsteam komt neier…
Swietrook,
mei kar fan blommen yn har hier,
yn roaskleur klaeid.
En hy, har prins,
yn prachtfol read…
In plaetsje…!

Op ’t lèst, in mantsje noch,
mei stôk, wyt, lang en tin,  
syn burd,
mar fierders keal fan hier…
Syn libben is al libbe…
Diz’ wei giet oan ‘e ein…

Dan kom ik ta mysels,
en tink:
Dit libben moat wol libbe…

Nea komt men ea werom,
lyk men hjir ien kear wie…

Hyltiid deselde, wer…
Mar oars…

In libben letter…

                                                           Sj.